Ik bin Baukje de Graaf, 21 jier âld en wenje yn Burgum. Al fan jongs ôf bin ik dwaande mei muzyk en sjongen. Yn 2018 mocht ik meidwaan oan The Voice Kids en ik die trije kear mei oan Sjong!, it Fryske sjongfestival foar jongeren.
Sûnt 2022 bin ik de sjongeres fan Belvedere, in projektband dêr’t de Fryske taal sintraal stiet. Wy hawwe njoggen nûmers útbrocht, wêrûnder Skiere Moanne. Dat ferske kaam yn 2022 yn de Fryske Top 100.
Yn 2024 die ik mei oan De swarte skelk, in muzikale fertelfoarstelling oer it net altyd maklike libben fan Ingeltsje, in wâldfrou yn hert en siel. Yn dizze foarstelling liet ik de kwetsbere kant fan har sjen troch de sang. De swarte skelk wie in ûnderdiel fan it projekt Wâldsmûk en it wie in bysûndere en moaie ûnderfining om diel út te meitsjen fan dit projekt!
Op 2 augustus bin ik wer te hearren by Paviljoen MeM tiidens it WâldSmûk Festival. Sjuch ik dy dêr?


