De Shiners op it Wâldsmûk festival.
Wy binne Petra en Baukje oftewol “ de Shiners”. Twa froulje út de Wâlden dy genietsje fan sjonge. Tegearre mei Durkje foarmje wy it trio Azem. Azem is ek ús ferbining mei it projekt Wâldsmûk. We ha in prachtich liet makke mei de titel Wolkom. It giet benammen oer dat we tige grutsk binne op’e wâlden en ús wolkom fiele. Spitiggenoch kin Durkje der net by wêze, en kinne wy as Azem úse ferskes net sjonge. Mar “ de Shiners” sjoche der nei út om harren stimmen hearre te litten.
Dielsto ek it gefoel dasto wolkom bist yn’e wâlden? Of fielst dat krekt net? Lit dy dochs fewunderje op disse prachtige lokaasje.
Oant 2 augustus, oant Wâldsmûk.


